Ofskie nimme, hoe dogge wy dat eins?
Koartlyn foel myn each op in rouadvertinsje yn de krante fan in âlde bekende. Ik wist dat dizze man siik wie, mar dochs kaam syn ferstjerren ûnferwachts. Doe’t ik lies dat de útfeart yn besletten kring plakfine soe, stie ik efkes stil by it berjocht.
Fansels is dat in kar fan de famylje en dy respektearje ik. Dochs fernaam ik dat it my wat die. Ik hie graach syn neisten in hân jaan wollen, in wurd fan meilibjen útsprekke, mar ek sels noch efkes ôfskie nimme wollen fan dizze leave man. It sette my oan it tinken. Sûnt korona is der in soad feroare yn de manier wêrop’t wy ôfskied nimme. Hieltyd faker fynt in útfeart plak yn besletten kring. Soms is der ek gjin gelegenheid mear om de famylje te kondolearjen.
Ik begryp dat in lyts en yntym ôfskied krekt wêze kin wat in famylje nedich hat. Dochs leau ik yn de wearde fan in kondoleânsemomint. In momint wêrop’t elkenien dy’t de ferstoarne leaf hie noch efkes dag sizze kin. Yn myn wurk as útfeartûndernimmer advisearje ik famyljes soms om, neist in ôfskied yn lytse kring, ek in kondoleânsemomint te organisearjen. Net omdat it sa heart, mar omdat it wat goeds bringe kin. It is waam om minsken te sjen, in hân of in krûp te krijen en te fernimmen datst der net allinnich foar stiest.
Want it libben giet ek wer fierder. Do moatst wer nei de supermerk, de bern nei skoalle bringe. En krekt dêr kinst minsken tsjinkomme dy’t dy noch kondolearje wolle, omdat se dy mooglikheid earder net hân hawwe.
No’t ik sels gjin ôfskied nimme kin fan dizze âlde bekende, fielt dat frjemd.
Ofskied nimme is persoanlik. Der is gjin goed of ferkeard. Mar lit ús by it besprekken fan de mooglikheden ek tinke oan de wearde fan in momint foar alle minsken dy’t immen in waarm hert tadroegen hawwe.
