De pet ôfdwaan
De pet ôfdwaan
As útfeartûndernimmer learst om der te wêzen foar oaren. Om rêst te bringen yn tiden fan ûnrêst, om te lústerjen en om romte te jaan oan fertriet. It is in fak dat giet oer oandacht, oer each foar detail, mar ek oer de krêft fan de stilte.
Meastal doch ik myn wurk mei in beskieden ôfstân — net kâld, mar beskermjend. Dy ôfstân helpt my om de needsaaklike rêst te hâlden, om foar oaren sterk te wêzen as sy dat sels net kinne.
Mar soms komt it libben sa tichtby, dat gjin profesjonele hâlding mear beskermet.
Koartlyn is myn skoanmem ferstoarn. In leave frou dy’t altyd belangstelling hie foar elkenien, dy’t altyd lústere nei oaren, sels as it libben harsels al wat swakker makke hie. Myn skoanmem wie noch mar koart siik en it stjerren kaam foar har, mar ek foar ús te gau. Har ferlies rekke ús djip, en foar my wie it ekstra bysûnder — want dizze kear stie ik net allinne neist de famylje as begelieder, mar wie ik sels famylje. Ik haw har útfeart sels taret en begelaat. Net omdat ik it wurk net loslitte koe, mar omdat se my dat sels frege hie. Ja, net ien kear, mar wol fjouwer kear. En eltse kear wêr ôfslutend mei de fraach: wist it seker?
It fielde earst hiel fanselssprekkend: wy wisten wat se moai fûn, wat har styl wie, en wat se wichtich fûn yn in har ôfskied. Dus ik gie oan it wurk, sa’t ik altyd doch. Ik regele it grêf, de tsjerke en fansels it plak wêr’t we nei de begraffenis kofje drinke koene. De tsjerke hie net de fasiliteiten dy’t nedich wiene foar dit ôfskied, dus regele ik ek de technyk yn tsjerke. Ik soarge derfoar dat alles kloppe. It joech my in gefoel fan kontrôle, fan wat hâldfêst yn dy earste dagen fan ferlies.
Mar ûnder it regeljen troch kaam der wat oars nei boppen. Ik fielde dat ik, wylst ik alles goed dwaan woe, ek in bytsje fuortrekke fan it fertriet. It wie makliker om de útfeartlieder te wêzen dan de skoansoan. Der wie in momint dat ik my dat bewust waard. By it ynbringen fan mem, frege ik mei triljende stim oan de minsken om op te stean fan harren sitplak. Dêr kamen de triennen. Doe haw ik tocht: It is goed. No mei ik de pet ôfsette..
Ik stie dêr net allinne as de man dy’t alles oanstjoerde, mar as ien fan harren. As man fan myn frou en as heit fan ús bern. Ik mocht meilibje, mar ek mei gûle. En frjemd genôch joech dat gjin ûnrêst, mar rêst.