Soms sit treast yn de lytste dingen
As útfeartûndernimmer begelied ik alle dagen minsken yn ien fan de meast kwetsbere perioaden fan harren libben. Fertriet, gemis en ôfskied nimme, foarmje dêr faak de reade tried yn. Mar wat my kear op kear rekket, is dat der yn dy selde perioade ek romte ûntstiet foar wat oars: oantinkens. Soms swier en beladen, mar krekt sa faak licht, waarm en sels ûnferwachts humoristysk.
Koartlyn waard ik dêr sels wer op in bysûndere wize oan herinnerd.
Net sa lang lyn hawwe wy ôfskied nimme moatten fan myn skoanmem. In ferlies dat, sa’t in protte werkenne sille, in leechte efterlit dy’t net samar op te foljen is. Lêsten sieten wy mei de famylje by myn skoanheit oan tafel. Tegearre ite, lykas wy dat altyd dienen. Dat binne de mominten wêrop it gemis ekstra fielber is, mar dêr ’t tagelyk ek ferbining ûntstiet.
By feestdagen hearde der by myn skoanmem ien ding by it dessert: iis. Dat wie in soarte fan tradysje wurden. Ienfâldich, mar o sa fertroud. Nei it iten stienen wy op en ien ûntduts noch in bak mei iis yn de friezer. Wy seagen inoar oan, hast in bytsje opluchte. “Dat heart der eins wol by,” waard der sein. It fielde as in lyts earbetoan — as soene wy har tradysje noch ien kear mei-inoar fuortsette. Wy pakten de bak, setten him op tafel en dienen it deksel iepen.
Gjin iis.
Yn plak dêrfan sieten der restjes iten fan earder yn.
Efkes wie it stil. En doe… moasten wy allegear laitsje. Echt laitsje. Dat ûnferwachte momint briek wat iepen. It fielde sa werkenber, sa eigen. As wie se der dochs efkes by, mei in knypeach. En krekt yn dat laitsjen siet wat fan treast. Net om ’t it ferlies minder waard, mar om ’t it ús wer ferbûn mei wa ’t se wie. Mei har gewoanten, har lytse eigenaardichheden, en de waarmte dy ’t se efterlitten hat. It binne faak net de grutte mominten dy ’t it meast bybliuwe, mar krekt dy lytse, deistige dingen.
As útfeartûndernimmer sjoch ik dat faker. In bepaald liet dat ynienen wer klinkt. In jas dy ’t noch oan de kapstok hinget. In resept dat trochjûn wurdt. Of in ienfâldige gewoante, lykas iis nei it iten. Dy lytse dingen drage safolle betsjutting mei har mei.
Se helpe ús om de oar tichtby te fielen, sels as dy der net mear is. Se meitsje romte foar in glimk tusken de triennen troch. En miskien is dat wol ien fan de meast weardefolle foarmen fan treast: dat wy trochgean meie mei oantinkens, mei ferhalen, mei laitsjen.
Want yn dy lytse mominten libbet immen op in bysûndere wize troch.
