As útfeartûndernimmer kom ik yn in protte ferskillende situaasjes en op in soad plakken. Soms yn in rêstich hûs, soms yn in drokke stêd, en gauris yn in fersoargingstehûs. Mar der is ien momint dat my elke kear wer rekket. It is gjin grut gebaar, gjin spektakulêr ritueel. It is just de ienfâld dy't it sa bysûnder makket: de útgeleide.

 

It is in momint fan stilte, fan respekt. Wylst wy de oerlibbene foarsichtich klearmeitsje foar it lêste part fan de reis, lit it personiel fan it hûs efkes harren wurk los. Se komme út 'e keamers, út 'e keuken, fan harren kantoar, en foarmje in rige yn de gong of by de doar. Sûnder wurden, mar mei safolle betsjutting. In lêste groet, in stille eare, in tichterby kin men soms net komme. Ik nim op sa’n momint altyd efkes de tiid. Net allinnich foar de oerlibbene, mar ek foar de minsken dy’t hjir, yn stilte en mei soarch, in grut part fan it libben fan dizze persoan mei makke ha. Ik sprek, út namme fan de famylje, in pear wurden fan tank. Tank foar de waarmte, de leafde, it geduld. Foar it sjen fan de minske efter de pasjint.

 

 

It bart wolris dat in meiwurker dan in trien lit rinne. Sûnder drama, mar fol gefoel. It lit sjen hoe tichtby se by de minsken komme dêr’t se foar soargje. Dat se har net ôfslute, mar echt belutsen binne. Dy trien seit alles. It is in ôfskie fan in minske dy't se kend hawwe, net allinnich fan in “bewenner”.  

Foar my binne dy mominten hillich. Se fertsjinje stilte, omtinken, en respekt. 

 

Yn in tiid wêryn’t alles fluch moat en de romte foar emoasje faak beheind is, is dit in stikje minsklikheid dat my djip rekket. It is in ritueel dat net yn in protokol stiet, mar dat ûntstien is út belutsenens, út leafde foar it fak – en foar de minske. Wy rinne dan mei-inoar nei bûten, faak troch in stil gonkje of in lift dy't wat stadiger liket te gean as oars. En ien fan 'e meiwurkers docht de doar foar ús iepen. Ek dat is in gebaar fan eare. Alles wurdt efkes op pause set. Der is mar ien ding dat no telt: ôfskie nimme. En as wy de persoan yn de rouwauto lizze, en ik noch efkes achterom sjoch, steane se der noch. Yn stilte, yn waarmte, yn weardichheid.

 

It binne dizze lytse mominten dy't it grut ferskil meitsje. En dêr wol ik harren fan herten foar tankje.