Wêr bemuoist dy mei?
Lêst hie ik in grutte kondoleânse. Lykas altyd besykje ik as útfeartûndernimmer derfoar te soargjen dat alles sa rêstich en goed mooglik ferrint. Jo hâlde de famylje yn ’e gaten, soargje derfoar dat de besikers witte wêr’t se wêze moatte en hawwe tagelyk each foar alles wat der om jo hinne bart.
Under dizze kondoleânse kaam der in man nei my ta. Hy rûn mei in rollator en die syn beklach. Hy stie al in skoft yn ’e rige en hie eins fan my ferwachte dat ik him út ’e rige helje soe, sadat er earder by de famylje wêze koe. Ik naam syn klacht serieus. Fansels. As immen oanjout dat it foar him dreech is om lang te stean, dan wolle jo dêr wat mei dwaan.
In pear minuten letter seach ik immen mei in kuierstôk yn ’e rige stean. Ik tocht: miskien kin dizze man ek wol wat help brûke. Ik rûn nei him ta en frege freonlik: "Wolle jo miskien nei foaren? Dan hoege jo net sa lang te stean.". Hy seach my ferheard oan. "Nee hear," sei er. "Ik bliuw hjir leaver gewoan stean." Hy stie dêr prima. Gjin probleem. Gjin ferlet om nei foaren te gean.
En earlik sein skeat der op dat stuit efkes in gedachte troch my hinne:
Wêr bemuoist dy mei?
En dêr moast ik letter dochs wol in bytsje om laitsje. Want hoe goed as jo it ek bedoele, jo kinne net altyd foar in oar bepale wat noflik, nedich of winsklik is. De iene fynt it ferfelend om lang yn in rige te stean en wol it leafst sa gau mooglik nei foaren. De oare hat miskien ek in rollator of in kuierstôk, mar fynt it hielendal net slim om rêstich op syn beurt te wachtsjen. En wer in oar wol miskien hielendal net de oandacht lûke en bliuwt leaver stean dêr’t er stiet.
Elkenien is oars.
En dat is miskien wol iets wat ik yn myn wurk alle dagen wer ûnderfyn. By in ôfskied komme allerhanne minsken byinoar. Minsken fan ferskillende leeftiden, mei ferskillende mooglikheden, gewoanten en ferwachtings. Wat foar de iene fanselssprekkend is, kin foar in oar krekt hielendal net noflik wêze.
As útfeartûndernimmer wol ik graach helpe. Ik wol graach sjen wat der nedich is en besykje dêr op yn te spyljen. Mar soms is it ek goed om immen sels oanjaan te litten wat er nedich hat.
Kinne jo bygelyks net sa lang stean? Dan meie jo dat fansels oanjaan. Sjogge jo in lange rige en freegje jo jo ôf oft jo miskien earder by de famylje komme kinne? Stap dan op my ta en freegje it. Jo hoege net ôf te wachtsjen oant immen jo ferlet riedt.
En oarsom jildt itselde: lit ús ek oppasse mei it ynfoljen fan de behoeften fan in oar. Want help dy ’t goed bedoeld is, is net altyd help dêr ’t immen op sit te wachtsjen.
Dy man mei syn kuierstôk hat my yn alle gefallen wer efkes oan it tinken set. Soms is immen hielendal net holpen mei wat jo tinke dat goed foar him is. En soms is it bêste wat jo dwaan kinne gewoan freegje:
"Kin ik wat foar jo betsjutte?"
En dêrnei foaral goed harkje nei it antwurd.
