Anna-Marike Dijkstra-van der Woude
07 Februari 1942
19 Oktober 2024
Weduwe van
Thom Dijkstra
Datum van uitvaart 26 Oktober 2024
Uitvaart informatie Wy nimme ôfskied op sneon 26 oktober om 13.30 oere yn de Martinitsjerke fan Easterein. Oanslutend sil de begraffenis plakfine. Fan 12.30 oere ôf is der gelegenheid ta kondolearjen. De tsjinst is ek te folgjen fia dizze side
Livestream informatie De livestream sil op sneon 26 oktober om 13:30 oere begjinne
Beste famylje fan Anna-Marike, Ik wol jim kondolere mei it ferlies fan Anna-Marike. As jo jo mem ferlieze, dan kom je yn in oare fase fan it libben. Dat is dreech en ik winksje jim in soad sterkte en krêft ta. Groetnis fan Sjoukje van der Velde pianiste fan it Kwartettekoar
Folle sterkte mei it gemis fan meme en beppe sa koart nei it ferstjerren fan jim heit en pake. Wy kinne jimme heit en mem fan it Kwartettekoar, wy sille har ek misse sa as wy jm heit noch altiten misse.
Fan herte sterkte tawinske no’t jim jim leave mem en beppe sa gau al nei jimme heit en pake misse moatte.. Yn ienen is it stil op’e pleats. Ik kin Anna- Marike fan it meisjongen yn ús kwartettekoar. Ek wy sille har misse, mar net ferjitte. Meie ek de wurden fan de lieten en de meldijen fan ‘e musyk jim drage troch de tiid. Janneke en Eelke Goodijk.
Bêste bern fan Anna Marike, It is al wer 2 wike lyn dat jim mem ferstoarn is en it gemis dringt no pas echt goed troch, fansels by jimme earst mar ek by alle oaren dy”t har nei wienen. It wie in prachtig ôfskied, wêr’t ik mei waarme gefoelens oan weromtink. Al dy minsken dy’t har koenen elk op syn eigen wize. It wie oerweldichend. Noch in soad sterkte. Akke Wiebenga
Us meilibjen mei it ferlies fan jim leave Mem en Beppe sa plotseling en sa koart nei jim Heit Tom. Op de lêste oefenmoarn fan it Kwartettekoar ha ik noch mei har praat, sa’n leave frou. Wy wenje flakby de “Reamskûtel” , wêr as jim oerpake Rienk van der Woude buorke hat.Hiel folle krêft en sterkte tawinske. It wie in hiel moai ôfskiedstsjinst. In hertlike groet fan Hieke ( Kwartettekoar) en Wiebe Wierda.
Gecondoleerd met het overlijden van jullie moeder. Het was een mooie warme dienst. Ik wens jullie heel veel sterkte om dit verlies een plaatsje te geven.
Condoleare mei it ferstjerren fan jimme mem en beppe. Koartlien noch by har sitten te iten in de skoalleseize. sa gesellig hiele ferhalen oer it moermandieet han.gr.Ypie.
Lieve familie Dijkstra, lieve Doutsen, Gecondoleerd met het verlies van jullie (schoon)moeder, oma en prachtige vrouw in jullie leven. Heel veel sterkte met het verwerken en dragen van het gemis & koester het fijne, het lieve, het mooie dat jullie met en door haar hebben meegekregen. Liefs, Anneloes de Niet & Merijn Biemans & Krijn.
Mei de wurden fan dichter Sjoerd Spanninga wol ik jimme kondoleare mei it sa hastich ferstjerren fan jimme mem en ús âlde buertgenoate fan Smidslân-Koaifinne: wat fan ús bliuwt, dat leit yn Goades hân, wy bin mar fuotleasten yn skolpich sân; in printsel dat in amerijke dúdlik stiet, oant it ferwiske wurdt fan ’t ivich wiid.
Kondolearre mei it ferlies fan jim mem.