Freonskip!

De ôfrûne wike wie ik as útfeartlieder belutsen by in útfeart fan in jongeman. It wie in yndrukwekkend ôfskied,  wêr’t in protte fertriet wie. Net allinne by de widdo, mar ek by harren bern.

Yn myn wurk is it allerbelangrykste, alteast dat fyn ik, om de minsken dy’t ik begelied echt te sjen. Dêr bedoel ik mei, dat ik yn in koarte tiid ynskat wat wichtich is foar harren en yn die koarte tiid dus in bân te kreëaren tusken ús. Sa ek by dizze húshâlding. It stjerren wie sa plots kaam, dus is dit ek in oare manier fan omgean mei fertriet.

It wie dúdlik dat alle minsken dy’t dat woene ôfskied nimme koene fan dizze man. Ja, en dan moatte je net allinne sjen nei de sosjale kring om dit echtpear hinne, en ek de freonen en freondinnen fan de bern moasten de romte krije om dit fertriet in plak te jaan en der foar harren freonen te wêzen.

“No sjogge je wat echte freonskip is!”

It wie lestich om te bepalen wa’t by de tsjinst fan ôfskied komme mocht en wa net. It jongste bern fan dizze húshâlding wraksele dermei. Syn matenploech bestie út sawat 60 minsken. En ja, die koene fansels net allegear komme. Ien fan dizze ploech freonen belle him op en sei: “Eltse keuze dy’st no makkest is de júste. Net tinke, mar gewoan dwaan!” Dit is echte freonskip! En ja, in pear maten wiene by it ôfskied en de rest fan’e ploech kaam op de kondoleance de jûns derfoar: wol 60 man sterk, se wiene der foar harren maat!

En nei de tsjinst kaam dizze knaap op my ôf: Leo, mei ik dy in krûp jaan? Die krûp is de beleanning foar dit minskewurk wat ik dwaan mei! Dêr gean ik dan noch mar efkes mei troch!

Deze column is geschreven met goedkeuring van de betrokken familie.

Print Friendly, PDF & Email