Somtiden komt it foar dat ik meardere kearen by in famylje oer de flier kom. Tink dan oan it momint dat in heit komt te ferstjerren en in skoftsje letter mem. Ik kom dan wolris wer oer de flier by dizze famyljes. Faaks binne we dan fertrout mei inoar en fielt it as binne we kunde fan inoar.

Foar de tredde kear

Sa krige ik in skoftsje lyn tillefoan fan in man, dy’t fertelde dat syn frou ferstoarn wie. Ik seach yn myn tillefoan de namme fan dizze man en ik tocht dat hy noch wat freegje woe oer de útfeart fan syn heit. Ik naam de tillefoan oan mei die gedachte en ik krige de man in triennen oan de tillefoan. Ik wie stil en lústere nei wat hy fertelde. Syn frou wie plots ferstoarn en hy woe graach dat ik him en syn húshâlding wer holp by it regeljen fan dit ôfskied.

Oare útfeart

Ik kaam by dizze man thús en hy fertelde dat de útfeart fan syn frou wol wat oars wurde dan die fan syn heit. Begryplik, want der siet ek in generaasje tusken. De bern fan dit pear hy ik allinne sjoen op de útfeart fan harren pake en no, mei it regeljen fan de útfeart fan harren mem learde ik se better kinnen. Harren ideeën wiene fansels oars as die by harren pake. Se woene foto’s en filmkes mei muzyk sjen litte en ik holp harren by it gearstallen hjirfan. It waard in útfeart yn de tún fan harren hûs. In prachtplak, in tinte edelste en kachels om de kjeld te kearen.

“Heit hie al fertelt oer hoe ast it wurk dochste en wat binne wy bliid dat we nei heit harke hawwe, bedankt!”

De dei fan’e útfeart

En sa wie de dei oanbrutsen en kom ik deselde minsken tsjin dy’t ik earder sjoen haw. De opmerking dy’t ik dan faaks krij is: ‘no, ik hoopje dy de kommende tiid net wer tsjin te kommen’.  Lokkich sizze se dan snel: ja, yn de supermerk fansels wol hear! In begryplike opmerking, mar de opmerking dy’t ik fan de bern krige wie hertferwaarmjend: Leo, heit hie al fertelt hoe ast bist, mar wat binne wy bliid dat we dit ôfskied mei dy regele hawwe!

Deze column is geschreven met goedkeuring van de betrokken familie.

Kijk gerust eens op www.bvuitvaartzorg.nl voor recensies of overige informatie.